Dizze dream

Sjoch dy noch stean oan it ein fan myn dream
Yn 't begjin fan de nije moarn
Do hearst my net ik praat yn my sels en tink oan in bettere tyd
Ik sjoch nei bûten, it reint, de tiden binne griis
En nimmen dy 't wat tsjin my seit

Refrein:

En wat woe ik dochs graach as sto my hjir rinnen sjen koest
Oer tsjustere wegen ûnder in ticht sleine himel
Wat woe ik dochs graach dasto  folle mear fan my seachst, myn dwaan en litten en myn bestean
Ik woe dasto my hearre koest

 

Noch altyd rin ik oer it selde paad, it paad wêr ik it ein net fan wit
Mar myn winsken binne sûn, it ferlangen nei dy safolle
Dreamen sa'n protte soargen
En ea ha'k tocht mar nea ha'k it fielt dat sto sa oanwêzig bist

Refrein.

Ik wiis dy ôf mar tink werom
Ik hear dy wol mar kear my om
Tsjin myn sin stjoer ik dy fuort
Tink no net dat it my neat docht want ik nim dy mei nei de dei fan moarn

Refrein.