Op reis
30 september 2010
Hjir stean ik mei myn guod de kop rûzich fan tinzen
Bin ik klear om fuort
'k Sjoch mysels al gean, ôfskie ha ik naam
Fan dit lyts bestean
Myn thús is no op wei en moedich sil ik wêze
Foar in nije dei
Refrein:
Wêr giet myn reis nei ta
En fyn ik wol myn wei opnij
Wêr giet dizze reis nei ta
En fyn ik wol myn wei opnij
It wolkom is hjir wol dien as ik om my hinne sjoch
Fernim ik gjinien
Farwol jim, it slokken docht my sear
As ik nei de doar ta rin
En myn ljocht sil skine wêr't ik ek gean
Dêr sil ik myn frede fine
Refrein.
Mar kin ik my del jaan, sil ik my del jaan
Op in plak dat ik net kin
Mar ik bin moedich wêr't ik ek bin