Wy ha elkoar
30 september 2010
Bring my nijs lit myn hert bûnsje ik fjochtsje mei dizze wrâld
Bring my nijs, lit myn hert dûnsje, jou my it ritme fan dyn hert
Nim my mei en lit my hoedsje oer al wast sto dochst
Nim my mei nei dyn waarmte jou my rûmte ta dyn siel
Refrein:
De sinne stiet heech it skaad krûpt nei it ein it ûnfolsleine lûkt hiel as in waarme krûp fan dy
Wurden sa gleon fol leafde beskreaun swirrichheden spiele wei as ik bin by dy
Hâld my fêst en fiel my gjin tinzen foar wat oars
Nee myn leafste ha gjin noed, wy ha elkoar
Praat mei my oer al dyn soargen en lit my tsjinje as dyn treast
Praat mei my it is sa bysûnder it feroaret myn selsbyld
Dan sjoch ik dei as myn leafste en fiel my nea wer iensum
Hearst sto mei er is gjin lûd sa lûd as it bûnsjen fan myn hert
Refrein.
Kald rûzed de wyn om my hinne waarme triennen rôlje yn myn eagen om
Eins bin ik sa brekber as de sinne mar elk rekket skeint al had er ek in ingel om him hinne
Mar it sil my net reitsje mei dy om mei hinne
Sa't dyn eagen skynne sa bysûnder klinkt dyn stim fol langstme folgje ik dy
In de nacht en oer dei